Alle folwoeksen eilanners krije ein maaie earste coronafaksin

Alle folwoeksen bewenners fan de Fryske Waadeilannen ûnder de 60 jier kinne yn de lêste wike fan maaie in earste faksin tsjin it coronafirus krije. GGD Fryslân komt fuortendaliks nei Pinkster, fan 25 maaie ôf, nei de eilannen om mei de húsdokters dizze groep te prikken. Eilanners boppe de 60 jier en soarchmeiwurkers binne earder al faksinearre.
© Omrop Fryslân
GGD Fryslân hat derfoar keazen om de minsken fan 18 oant 60 jier op de eilannen te faksinearjen, sadat dy sels net hoege te reizgjen. De eilanners krije in útnûging tastjoerd en kinne dêrnei belje foar in ôfspraak. Se krije it Pfizerfaksin.
De GGD ferwachtet dat 6.000 eilanners troch de gemeente in útnûging krije. Bewenners dy't al earder in útnûging fan it RIVM krigen hawwe, kinne dy oan de kant lizze.

Eilannen op foarsprong

De eilanners rinne mei de faksinaasje foar op oare gemeenten. Op Skiermûntseach hat ûnderwilens 40 prosint fan de ynwenners twa ynintingen hân. Op It Amelân, Skylge en Flylân is dat tusken de 25 en 30 prosint.
Yn de Fryske gemeenten oan de fêste wâl skommelet it persintaazje dat twa faksinaasjes fan de GGD krigen hat om de 5 prosint hinne. Tusken de 13 en 19 prosint hat ien prik hân. Dêrneist is der oan de fêste wâl noch in grutte groep dy't by de húsdokters, soarchynstellingen en sikehûzen ien of twa kear faksinearre is.

De faksinaasjeplanning foar de Fryske Waadeilannen:

Flylân: tiisdei 25 en woansdei 26 maaie
Skiermûntseach: woansdei 26 maaie
Skylge: tongersdei 27, freed 28, sneon 29 en snein 30 maaie
It Amelân: tongersdei 27, freed 28 en sneon 29 maaie
Nils van Mourik fan GGD Fryslân