CDA-Keamerlid Harry van der Molen langer út de rûlaasje

28 apr 2021 - 15:30

CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen is langer út de rûlaasje. Van der Molen is útfallen flak foar de ferkiezingen yn maart, doe't de ferkiezingskampanje dwaande wie. Hy is oerwurke.

Harry van der Molen - Foto: Omrop Fryslân

Van der Molen hope sa gau as mooglik werom te wêzen yn de Keamer mar makke woansdei op Twitter bekend dat hy noch langer tiid nedich hat om better te wurden. "Daarom neem ik de komende periode de rust die nu nodig is", lit er witte.

De kommende fjouwer moannen nimt syn kollega Joba van den Berg syn sit yn de Twadde Keamer oer. "Dat waardeer ik zeer en ik wens haar dan ook veel succes", skriuwt Van der Molen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)