Deistich tal coronabesmettingen wer omheech, RIVM meldt 192 nije gefallen

28 apr 2021 - 15:25

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 192 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. Dat binne der 13 mear as tiisdei, want doe wienen it der 179. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 206 besmettingen fêststeld en dat binne der 4 minder as tiisdei.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (38) en Súdwest-Fryslân (26). Dêrnei folget Smellingerlân mei 19 nije fêststelde coronagefallen.

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus, it giet om in ynwenner fan Hearrenfean. Der waarden twa nije sikehûsopnamen meld yn ús provinsje, ien ynwenner fan de gemeente Achtkarspelen en ien út Eaststellingwerf.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 8.713 nije coronagefallen registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)