Geitestop yn gemeente Weststellingwerf

Der komt foarearst in stop op geitehâlderijen yn de gemeente Weststellingwerf. Nije geitehâlderijen en útwreidingen fan besteande hâlderijen binne fan 23 april ôf ferbean. Besteande feehâlders meie ek net oerstappe op geiten.
© Omrop Fryslan
De gemeente nimt dizze maatregel omdat út ûndersyk bliken docht dat minsken dy't yn de omjouwing fan in geitehâlderij wenje, faker longûntstekking hawwe. It RIVM docht dêr op dit stuit in ferfolchûndersyk nei. Dêrom jildt yn de measte provinsjes in geitestop, útsein yn Fryslân en Grinslân.
Yn Weststellingwerf binne de lêste tiid mear fersiken ta it begjinnen fan in geitehâlderij binnenkaam. Dy kamen fan minsken fan bûten de gemeente. Foar de gemeente stiet de sûnens fan de ynwenners foarop en dêrom is der no in tydlike geitestop fan in jier.