Aldemardum nei de boskrellen: "Blijkbaar is, op het kampvuur na, bij iedereen het licht uitgegaan"

Yn de bosken by Aldemardum is Steatsboskbehear mei help fan frijwilligers drok dwaande om de rotsoai op te rêden nei de rellen op de jûn fan Keningsdei. Hûnderten minsken wiene dêr bynoar kaam. De plysje waard ynskeakele om de minsken fuort te stjoeren. Dat slagge foar in grut part, mar in groep fan tsientallen jongeren foel de plysje oan mei flessen en der waard hout yn 'e brân stutsen.
Aldemardum nei de boskrellen
De 'feestfierders' hawwe kratten mei lege bierfleskes, blikjes, plestikpûden, doppen, lege drankflessen en stikken glês lizze litten. It is in ferskriklike binde, seit Henk-Jan van der Veen, boskwachter fan Steatsboskbehear.
Pealtsjes binne út de grûn lutsen, in boerd fan in oarlochsmonumint is fernield en sitbanken binne yndûkt. "Blijkbaar is, op het kampvuur na, bij iedereen het licht uitgegaan." Steatsboskbehear is mei ekstra ynset fan frijwilligers dwaande de rotsoai op te rêden. In man yn in oranje jas pakt mei in griper de lêste omtoarkjende blikjes op.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma mei boskwachter Henk-Jan van der Veen yn de bosk
© Omrop Fryslân, Alle Faber

Frou kriget klappen

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Hayo Bootsma prate mei in frou dy't klappen krige hat. Sy fernuveret har oer de gong fan saken, mar hat wol begryp foar de plysje.
Ik seach myn jongere broerke fierderop stean en woe him derwei helje.
Frou dy't klappen fan de plysje krige
"Ik hie net ferwachte dat it sa gean soe. Ik siet mei in freondinne gesellich te picknicken. Om in oere of 7 woene wy nei hûs ta. Doe seagen we reek boppe de bosk útkommen. Wy derhinne, want wy woene sjen wat der te rêden wie. Ik hie it net sa yn de gaten, mar ynienen wie der plysje. Ik seach myn jongere broerke fierderop stean en woe him derwei helje."
Doe kaam se ûnbedoeld tusken de plysje en de oaren yn te stean. "Ik wist net mear hokker kant ik op moast. Doe bin ik mar mei de hannen omheech op de plysje ôfrûn en doe krige ik klappen." Se fynt it spitich dat it sa út de hân rûn is, mar leit de ferantwurdlikens ek by harsels. Se hie earder fuortgean moatten, fynt se.
De bosk fan Aldemardum nei ferbeane feesten Keningsdeijûn © Henk-Jan van der Veen, Steatsboskbehear
Neffens ferslachjouwer Hayo Bootsma binne it benammen jongeren tusken de 16 en goed 20 jier dy't meidiene. Mar op ien fan de filmkes op social media is ek te sjen dat in âldere man klappen kriget.

Plysjeman út de tiid slein mei stôk

De agresje tsjin de plysje wie grut. Plysje-auto's rûnen skea op en ien fan de plysjeminsken rekke ferwûne. Om de bosk te ûntromjen moast de plysje ekstra middelen ynsette. De ME waard oproppen en in helikopter ynskeakele.
Dit gedrach is ûnsakseptabel, seit plysjesjef fan regio Snits Cor Reijenga. "As de plysje seit dat jo fuortgean moatte, dan moatte jo dat dwaan. De minsken hâlde harren net oan wat de oerheid besluten hat." En de plysje moat dan yngripe.
Ut it neat hat er in tik tsjin de holle krige. Hy is behoarlik oandien.
Plysjesjef Reijenga oer de mishannele plysje
Yn de earste melding wie sprake fan in groep fan 150 oant 200 minsken yn de bosk en der wie fjoer, fertelt Reijenga. De plysje sei dat se fuortgean moasten en in soad diene dat ek. Mar in groep fan fytfich of sechstich minsken kearde him doelbewust tsjin de plysje.
"Der waard mei bierflessen smiten. Ien gie dwers troch it rút fan in plysjeauto. In plysjeman krige in stôk tsjin de holle. Dit slacht nergens op. Hy hat efkes út de tiid west en hat no noch lichte klachten. Hy sil syn wurk wer oppakke, mar is behoarlik oandien. Ut it neat hat er in tik tsjin de holle krigen."
De plysjes hiene by de ynset kamera's op it pak, dus alles stiet op film. De bylden wurde fierder bestudearre. Oant no ta binne der acht oanhâldingen dien, mar dat wurde der mooglik mear. De plysje siket minsken dy't mear opnames fan it grutte ynsidint hawwe.