Moasje ChristenUnie tsjin sinnepanelen makke mei 'Oeigoerske twangarbeid'

28 apr 2021 - 13:51

De ChristenUnie yn Fryslân wol it brûken fan Sineeske sinnepanielen, dy't makke binne mei help fan twangarbeid, opkeare. Yn Nederlân komt 80 persint fan de sinnepanielen út Sina. Neffens Amerikaansk ûndersyk wurde by it winnen fan de grûnstoffen foar de sinnepanielen Oeigoerske twangarbeiders ynset. De ChristenUnie neamt dat ûnakseptabel en wol dêrom dat de provinsje hjir by it eigen ynkeapbelied hiel skerp op is.

Foto: Shutterstock.com (chinasong)

Fraksjefoarsitter Wiebo de Vries wol fierder de ynwenners fan Fryslân bewust meitsje fan de grutte kâns dat by de produksje fan Sineeske sinnepanielen gebrûk makke is fan Oeigoerske twangarbeid. "It is in lestige kwestje." seit De Vries. "In soad minsken binne mei duorsume enerzjy dwaande, mar je wolle fansels gjin produkten keapje dy't makke binne mei twangarbeid."

Silisium út Xinjiang

De provinsje moat hjir by it eigen ynkeapbelied skerp op wêze, sa fynt de ChristenUnie. De Vries hat sels al jierren sinnepanielen op it dak, mar kin ta syn eigen frustraasje net útslute dat dy makke binne mei help fan twangarbeid. "Ik haw my der doe net yn ferdjippe. No docht mar wer bliken dat je dêr nea skerp genôch op wêze kinne. Ik soe it no wol hiel graach witte wolle."

De ymporteurs en ynstallateurs fan de sinnepanielen yn Nederlân hawwe sicht op wêr't de sinnepanielen weikomme en hoe't dy makke wurde, mar net op it winnen fan de grûnstoffen, fertelt De Vries. Fan de ûnmisbere grûnstof silisium komt 80 persint út Sina, benammen út de provinsje Xinjiang. Dêr wenje benammen Oeigoeren. Silisium is it materiaal dat it sinneljocht omset yn elektrisiteit en sadwaande in ûnmisber ûnderdiel fan de sinnepanielen.

Wiebo de Vries oer syn moasje tsjin sinnepanielen mei twangarbeid

"Dit is wol in hiel dúdlik sinjaal dat we ôfjouwe", seit De Vries fan de ChristenUnie. "Wy wolle der wis fan wêze dat de sinnepanielen dy't de provinsje keapet fan goeie komôf binne." De moasje fan de ChristenUnie waard unanym oannommen troch Provinsjale Steaten.

Ek yn de Twadde Keamer is oandacht frege foar de sinnepanielen dy't mooglik makke binne mei twangarbeid. "Je moatte foarkomme dat wy sinnefjilden subsidiearje mei panielen dy't mei help fan twangarbeid makke binne", seit De Vries oer syn aksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)