Fryske terrassen binne wer iepen:"Biertje erbij, zonnetje, wat wil je meer"

It sintsje is der hearlik by op De Lemmer. Wylst de boatsjes troch it doarp farre, wolle de earste minsken in pear minuten foar tolven al it terras op. It is in húshâlding út Drinte op fakânsje. "Lekker zo, biertje erbij, zonnetje, heerlijk op het terras. Daar zaten we wel op te wachten."
Terrassen wer iepen
Auke van der Heide fan De Specerij op De Lemmer hat der bot sin yn. "Der binne restriksjes, mar ik fyn dat we posityf bliuwe moatte. We meie wer, der is ljocht oan de ein fan 'e tunnel. It waar is goed, der binne wer minsken, mar it sil heve!"

Harns

Yn Harns kinst wer genietsje fan koffie-mei-útsjoch:

Grou

Yn Grou spile Folkert-Hans Tolsma it Frysk folksliet op it bordes fan Hotel Oostergoo. Dêrnei is hy mei de fyts by oare terrassen yn it doarp west. Mei saksofoan, trompet en sjongend fierde hy de iepening fan de hoareka.

It Hearrenfean

Op It Hearrenfean moast ek boargemaster Tjeerd van der Zwan lang wachtsje foar't hy wer op it terras sitte koe. Hy hat him woansdei dan ek goed gean litten:

Ljouwert

Yn Ljouwert hat in húsbaas in groep studinten dy't in keamer by him hiere útnûge foar in drankje op it terras. Hy wol nei eigen sizzen de studinten en de ûndernimmers 'een hart onder de riem steken'. Mei de útnûging oan de studinten wol hy sjen litte dat der ek positive dingen barre yn coronatiid.
Efkes fierderop yn de stêd sit ferslachjouwer Auke Zeldenrust op it terras fan kafee De Rus. Om 12.00 waard ek dêr it earste bierke servearre oan de stamgasten. "Mooi weer, goed terras, het bier smaakt. Ik heb het vooral in het begin heel erg gemist", seit fêste gast Herman. Eigener Guido de Mari is ek bliid om elkenien wer te sjen: "Het is goed om iedereen te zien, dat is heel fijn. We hebben ook wat ballonnen opgehangen, want ook al is het anders, we maken er toch weer een feestje van."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ek binne der saken dy't net iepen gean. Sa wurdt der op it Ruterskertier in bioskoop boud, en de boufakkers dogge dat oant fjouwer oere middeis. Guon ûndernimmers sjogge it net sitten om gasten te ûntfangen wylst se yn de oerlêst fan de bou sitte. En om no iepen te gean tusken fjouwer oere middeis om twa oeren letter dan wer ticht te gean...