Trainer Ferried Naciri nei twa jier fuort by Aris

28 apr 2021 - 12:43

Basketbalklup Aris út Ljouwert nimt ôfskied fan trainer Ferried Naciri. De 32-jierrige Belgyske coach wol werom nei syn heitelân.

Foto: Orange Pictures

Naciri hat twa jier de lieding hân by Aris, beide seizoenen waarden ôfbrutsen troch de coronakrisis. Ferline seizoen helle Naciri mei de Ljouwerter basketballers noch wol de bekerfinale, mar dy is troch de coronamaatregels nea spile.

Dit seizoen stelde Aris teloar. De ploech pleatste him net foar de play-offs. Yn it bekertoernoai hat Aris hielendal net spile. Dat soe ôfrûne wykein los, mar Aris melde him ôf fanwege in coronaútbraak yn de seleksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)