VVV yn Súdwest-Fryslân komt mei spesjale coronakrante

28 apr 2021 - 11:46

VVV Waterland in Friesland komt mei in spesjale coronakrante. Dy moat komme by VVV lokaasjes yn Súdwest-Fryslân en toeristyske ûndernimmers dy't by de VVV oansletten binne. Yn de krante wurdt mei in foarpriuwke sjoen nei eveneminten dy't mooglik dizze simmer trochgean kinne.

Foto: VVV Waterland van Friesland

It giet dan benammen om de Snitswike en it skûtsjesilen dy't mei potlead op de kalinder set wurde binne. Fierder steane der dingen yn dy't op eigen gelegenheid oppakt wurde kinne, en dy dus coronaproof binne. Sa kin de Fytsalvestêdetocht mei in spesjale app fytst wurde.

Moeting mei alpaka

Ek stean der aktiviteiten yn dy't foar minsken út de regio miskien noch net bekend binne. Sa stiet der in moeting mei in alpaka yn Warkum yn de krante en kinst blommen plôkje yn De Hommerts. "In het buitenland ontdek je vaak wel nieuwe plekken, maar niet in de omgeving waarin je woont. En dat is zonde, want in Waterland van Friesland kun je echt toerist in eigen omgeving zijn" sa seit Floriaan Zwart van de VVV.

Letter dit jier komme der noch twa edysjes fan de coronakrante út. Dêr stean dan de aktuele aktiviteiten yn dy't yn elk gefal trochgean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)