Fjouwer oanhâldingen foar fandalisme mei âld en nij yn Twizel

28 apr 2021 - 11:41

De plysje hat fjouwer persoanen oanhâlden foar fernielings yn Twizel yn de iere nijjiersmoarn. It giet om trije manlju út de gemeente Achtkarspelen en ien út Enschede. Alle fjouwer de fertochten binne ferheard.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

De trije út Achtkarspelen waarden op 12 en 13 april oppakt. Se wurde fertocht fan ûnder oare it omseagjen fan beammen foar in brânbult op de krusing Piterpolle/Simke Kloostermanstrjitte. Dêr is foar 22.000 euro oan skea oanrjochte. De gemeente Achtkarspelen en oare partijen hawwe oanjefte dien.

Nei it ûndersyk kaam de fjirde fertochte, de man út Enschede, yn byld. Dy is op 21 april heard troch de plysje. It ûndersyk is noch net klear. De plysje slút mear oanhâldingen net út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)