Aksje yn metaal smyt files op yn Ljouwert: gjin gearkomste mar stakingsoptocht mei auto's

Wurknimmers yn de metaal hawwe woansdeitemoarn soarge foar in file yn Ljouwert. Fakbûn FNV hat in aksje organisearre op it Jacob Catsplein flakby de Tesselschadestrjitte rjochting it WTC. Troch de hege opkomst stie der in rige auto's fan it WTC oant it eardere belestingkantoar ta.
File yn Ljouwert fanwege aksje yn de metaal © Ritsko van Vliet
Doel fan de akje is in bettere cao. Dêrom lizze wurknimmers yn de metaal-elektrosektor it wurk del. Se stake 24 of 48 oeren, dat hinget fan it bedriuw ôf. Fakbûnen en wurkjouwers binne al sûnt septimber yn petear oer in nije cao.

Coronafeilich

Fanwege de corona is der gjin fysike stakingsgearkomste. Der binne saneamde 'stakingsstrjitten' oanwiisd dêr't stakers mei de auto trochhinne ride kinne. By it haadkantoar fan de FNV oan it Catsplein yn Ljouwert is sa'n stakingsstrjitte.
De aksjes yn Ljouwert binne ûnderdiel fan in lanlike estafettestaking. Yn Fryslân dogge ûnder oare de bedriuwen Stertil yn Koatstertille, Trivium yn Ljouwert en Meijer Metal yn Sint-Jabik mei.