Kollum: "Sakekabinet"

28 apr 2021 - 08:53

"Habtamu de Hoop. Willem Schoorstra hie it hjir juster ek al oer him, mar ik einigje wat oars as Willem. Habtamu hie ferline wike in moaie famkestaspraak yn de Twadde Keamer. Hiel Frysk, hy fertelde earst fan wa't er ien wie en wêr't er weikaam. As fûnling út Addis Abeba nei Emke en Tineke yn Wommels. Wy wiene der net sa fernuvere oer, syn skiednis kenne wy wol. Lykas syn ûntjouwing as presintator, politikus en benammen minske.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Habtamu krige lykwols in soad eare. Ek hjirre, want as je 'heit' en 'mem' yn de Keamer sizze dan kriget de hiele Fryske beweging in orgasme. Mar no wie it hiele media en politike lân oeral fan Habtamu. De namme De Hoop kaam dêrby goed út, want der is net folle hoop mear foar de rotsoai yn Den Haag.

Wat my fernuvere, wie dat se oeral rekken doe't hy sei dat je hâlden en dragen net yn je DNA sit, mar komt fan de minsken dy't je opfiede of om je hinne ha. Net elkenien tinkt dêr lyk oer, mar ik bin ek oertsjûge dat we by de berte allegearre lyk binne en dan je dêrnei foarme wurde troch je omjouwing.

Nim no in oare nij Keamerlid, Caroline van der Plas fan BBB. Jim witte net iens allegearre dat BBB BoerBurgerBeweging betsjut, mar jimme kenne har learen jaske allegearre. Om't se sa gewoan is en praat as siet se by ús oan 'e kofje. En as se it yn de Keamer ha oer gearwurking, dat sy dan seit dan nimme we dochs gewoan in groepsappke.

Caroline is de dochter fan de al ferstoarne Wil van der Plas. Dy ha ik tige goed kennen. Dy wie sportsjoernalist by it Deventer Dagblad, die reedriden foar de hiele regionale parse en ik kaam him ek faak tsjin by Go Ahead Eagles. In geweldich goeie kollega, in fijn minsk yn de omgong. Ik sjoch yn Caroline, dy't ik inkeld fan telefyzje ken, in soad fan dy man werom.

Habtamu en Caroline bin net de iennichsten. We sjogge allegearre nije Keamerleden wêrfan't we tinke dat se bêst wol doge en aardich kreatyf binne. Je realisearje je dan dat je eartiids datselde gefoel hiene by guon nije Keamerleden wêrfan't je no sizze dat se gau opsoademiterje moatte. Ik bedoel wy fûnen it yndertiid allegearre geef dat Annemarie Jorritsma, de 'verdelgster' fan Stef de Haas yn de ried fan Boalsert, nei Den Haag gie. Twa wike lyn servearre ik har ek ôf; tocht by mysels: leave, hâld op en wurd wer dy fleurige en wize frou sa't wy dy koene.

Je ferwurde dus yn de Haachske polityk. Dus so ik oan ien kant wol wolle dat Habtamu thús bleaun wie, by Anna Hilda. Dat byld fan ferline wike mei eins net fersteurd wurde troch de gaos dy't se dêr de lêste tiid breide ha.

Mar miskien kin it wol oars. Dan moatte we dy âlde nút dy't nét feroare is, Tjeenk Willink, mar freegje om net in kabinet te formearjen. No ja, in oar kabinet. In sakekabinet. Fan alle partijen de bêsten by inoar sette. Sadat wy allegearre op tiid in faksinaasje krije en we skûtsjesile kinne fan 't simmer. Fierder moatte se útfiere wat nedich is. Kundige minsken, en as dat tafallich in PVV'er is, toe mar. Dan binne je ek fan it geseur fan Wilders ôf. Sa'n kabinet moat fansels wol hieltyd genôch stipe yn de Keamer ha; dat kin by elk ûnderwerp ferskille. Spannend.

As Tjeenk it wol gewoan docht, wurdt de gaos inkeld mar grutter en duorret de politike rotsoai langer as de corona. De sakeministers hoege mar ien ding te swarren: alles is iepenbier en wy bliuwe ússels. Sels Omtzigt kin dan wer út syn efterkeammerke komme. Alles foar in jier, dan tagelyk mei de riedsferkiezingen stimme oer in nij regear, yn in nije demokrasy en oare bestjoerskultuer. Hooplik.

Habtamu kin der ek wol yn. Dy wol bêst soargje foar wat goedkeape huzen, ek in pear yn Wommels. En foar in kânsrike ynstream fan ferhûddûke bern. Caroline kriget de lânbou en de natuer. En tegearre rjochtsje se in strafsintrum op, wêryn't ôfservearde politisy in eigen efterkeammerke krije. Der kinne se dan moai allinnich wat omlige en krekt dwaan as witte se neat mear. Dan hat net ien mear lêst fan dy lju."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)