Boargemaster Veenstra: "As minsken net lústerje nei plysje giet der wat mis"

28 apr 2021 - 08:39

"As minsken net mear lústerje wolle nei brânwacht en plysje, dan giet der wol wat mis." Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren begrypt dat jongerein op Keningsdei in feestje fiere wolle, mar hy hat gjin goed wurd oer foar de ûnrêst dy't yn de bosk by Aldemardum untstie nei't jongeren net fuort gean woene op oantrunen fan de plysje. Yntusken binne der acht minsken oanholden.

In pear plysje-auto's rekken skansearre by de ûngeregeldheden

Der spaanden in soad jongelju om yn de bosken mei Keningsdei. Dêrby waard ek hout yn brân stutsen. Neffens de boargemaster wiene der hûnderten minsken yn de bosk. It grutste part dêrfan gie nei hûs doe't de plysje en de brânwacht dêrom frege. Mar tsientallen minsken diene dat net. Dêrnei brutsen der ûngeregeldheden út. In groep jongerein kaam rjocht foar de plysje oer te stean en smiet mei grutte stikken hout nei de plysje. Ien plysjeman rekke dêrby ferwûne.

ME út Grins

Neffens de boargemaster wie drûchte yn 'e bosk de wichtichste reden om yn te gripen: "Yn oerlis mei de brânwacht krige ik te hearren dat der kâns wie op natuerbrannen. Dat moatte je fansels net ha, en dêrom ha ik de beslissing naam om it plak te ûntromjen." Doe't it mis drige te gean, is besletten om ekstra plysje yn te setten. "We moasten wachtsje op de ynset fan de ME. Dy moast út Grins komme, dat duorre efkes."

Acht minsken oanholden

De boargemaster begrypt dat minsken graach in feestje fiere wolle: "It is ek Keningsdei, dan wolle je fansels by inoar komme. It is ek in plak dêr't minsken út de omkriten al jierrenlang gearkomme op dizze dei. Mar dit koe fansels net." Tiisdeitejûn waarden sân minsken oanholden, dat binne der neffens de boargemaster yntusken acht. Woansdei sil it ûndersyk fan de plysje fierder gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)