Skiermûntseach kriget eigen rûte mei miniatuerpopkes

28 apr 2021 - 07:40

Hiel lytse figuerkes, faak net grutter as je tomme, dy't in lytse sêne útspylje ;yn de binnenstêd fan Ljouwert binne al tsientallen fan dizze miniatuerpopkes te finen, dy't mei in rûtekaart fûn wurde kinne. En sûnt koart hat no ek Skiermûntseach in eigen rûte. "Wij zagen het project van Michel Tilma in Leeuwarden en werden daar zo enthousiast van dat we het ook wilden hebben."

Foto: VVV Schiermonnikoog

By de VVV op it eilân kaam it idee dus nei in besite oan de fêste wâl, seit Joke Eijer: "Het is een activiteit die je lekker buiten kan doen. En dat is in coronatijd natuurlijk helemaal fantastisch. Lekker wandelen of fietsen met je eigen huishouding en erop uit."

Miny-mûntsen ek oanwêzich

Oer it hiele eilân hinne binne sa'n fyftich tafrieltsjes ferspraat, dy't op in plattegrûn werom te finen binne. "We hebben bijvoorbeeld in de haven een tafereeltje waarbij de eilandgasten worden uitgezwaaid en verwelkomd. En uiteraard zijn er in de buurt van het standbeeld van de Schiere Monnik hier in het dorp mini-monniken te vinden als je goed zoekt."

Mei de opbringst fan de ferkeap fan rûtekaarten wurde de lytse popkes, of Lytje Minsken sa't se op it eilân sizze, ûnderholden. De kâns is grut dat minsken yn de takomst ek nije sênes tsjinkomme. "Ik kan me voorstellen dat de komende tijd meer miniature people zich zullen vestigen op het eiland. Dus misschien dat we over een jaartje wel een nieuwe plattegrond moeten maken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)