Spatskermen en luchtferfarsking: grutte ynhelslach teory-eksamens rydbewiis

28 apr 2021 - 06:18

It Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen (CBR) begjint woansdei yn Fryslân en de rest fan Nederlân mei it ynheljen fan 400.000 teory-eksamens. Sûnt 15 desimber ferline jier wie it troch de coronamaatregels net mooglik om de eksamens ôf te nimmen. Praktykeksamen yn de foarm fan ôfride kin al wer sûnt maart.

Foto: Omrop Fryslân

"De praktijkexamens konden we al sinds maart weer afnemen, de theorie miste nog", seit wurdfierder Irene Heldens fan it CBR. As earste kommen minsken oan bar fan wa't it teory-eksamen ôfsein waard. "Daar hebben we capaciteit voor vrijgehouden." Ien fan wa't it eksamen earder útsteld is, kin syn of har eksamen foar 1 augustus wer ynplanne. Dêrnei binne oare eksamenkandidaten oan bar.

De teory-eksamens wurde ôfnaam by 24 minsken tagelyk. In folle lytsere groep as earst. Der wurde spatskermen pleatst en de luchtferfarsking is oanpast.

Grutte ynhelslach teory-eksamens rydbewiis, in reportaazje fan Timo Jepkema

(Advertinsje)
(Advertinsje)