Oanhâldingen by konfrontaasje mei plysje en ME yn de bosken fan Aldemardum

27 apr 2021 - 23:18

Yn de bosken njonken de Beukenlaan yn Aldemardum binne ferskate persoanen oanholden nei in konfrontaasje mei de plysje en de ME. Yn de bosk wie ûnder oare in grut fjoer makke. Der spaanden in soad jongelju om yn de bosken mei Keningsdei. Doe't de plysje op it plak kaam, brutsen der ûngeregeldheden út. In groep jongerein kaam rjocht foar de plysje oer te stean en smiet mei grutte stikken hout nei de plysje. Ien plysjeman rekke ferwûne.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Der wiene tsientallen minsken yn de bosk. De plysje frege harren om fuort te gean, mar dat waard net dien. Yn oerlis mei de plysje hat boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren besletten om de bosk te ûntromjen. Dat waard mei dien fanwegen it risiko op in natuerbrân.

Plysjeman ferwûne, ynset ME

Ien fan de plysjeminsken is licht ferwûne rekke op de holle by de konfrontaasje. Ek binne der plysjeweinen skansearre. Tsientallen plysjes, in plysjehelikopter en plysjehûn binne ynset, mar ek de ME (Mobiele Eenheid) en in stipegroep. De plysje hat de bosken om it doarp hinne útkjimd. De helikopter hat oeren boppe Aldemardum flein.

Op syn minst sân minsken oanholden

Der binne yn elts gefal sân persoanen oanholden nei de konfrontaasje. Neffens in wurdfierder fan gemeente De Fryske Marren wurdt der net útsletten dat der noch mear oanhâldingen folgje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)