Ungeregeldheden yn de Ljouwerter Prinsetún: plysje bekûgele mei flessen by sjarzjes

27 apr 2021 - 21:36

Om't de sfear grimmich waard, hat de plysje him tiisdeitejûn weromlutsen út de Prinsetún yn Ljouwert. Plysje en hanthavening besochten tiisdeitejûn om 20.45 oere hinne yn te gripen yn it park. Sy woene in persoan oanhâlde, mar dêrtroch ûntstie der rebûlje by de groep dêr omhinne. Plysjeminsken woene it park yn, mar waarden bekûgele mei flessen. Nei 22.00 oere rekke it park leech, doe't de gemeente dat befelle.

Plysje en hantavening grepen yn by de Prinsetún

Der wie op jûntiid noch benammen jongerein yn de Prinsetún, dy't wol stadichoan it park ferliet. Mar der wie ek in groep dy't net út it park woe. Der wiene noch in pear hûndert minsken yn de tún. Krekt foar 22.00 oere makken gemeente Ljouwert en de plysje bekend dat alle besikers it park ferlitte moasten. Goed tsien minuten letter wie it park leech.

Der wie ek in plysjehûn en der waard ek in plysjeboat ynset foar tafersjoch. Der wiene earder op de jûn sa'n tweintich plysjeminsken by de yngong fan it park foar de Doelestraat oer. Yn de Prinsetún stiene kloften minsken te sjongen.

Hiele dei al drok

It wie de hiele dei al smoardrok yn it Ljouwerter park. Om 17.00 oere hinne hat de gemeente Ljouwert oproppen om net mear nei de Prinsetún te kommen. Ek Veiligheidsregio Fryslân die de oprop. Minsken dy't der al wiene, mochten wol bliuwe.

Der wiene de hiele dei al hanthaveners, plysjeminsken en befeiligers oanwêzich, mar der waard benammen yngrepen by lûds- en drankoerlêst. De gemeente woe der 'niet met gestrekt been' yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)