Frysk slavernijferline-boek: "Koloniale historie heeft ook Fryslân gevormd"

27 apr 2021 - 20:54

"De slavernij gaat ons allemaal aan: Friesland is geen geïsoleerde stip op de kaart. De koloniale geschiedenis heeft ook ónze eigen omgeving gevormd." Dat is it boadskip fan dr. Barbara Henkes yn har nije boek Sporen van het slavernijverleden in Fryslân. Yn it boek komme net allinne ferhalen út it ferline oan bar, mar der binne ek sân fyts- en kuierrûten om de lêzer fan no yn kontakt te bringen mei de rol fan Fryslân yn de slavernij.

Foto: Uitgeverij Passage

It slavernijferline spile him net inkeld en allinne ôf yn it 17e-iuwske Amsterdam, ek Fyslân profitearre fan slave-arbeid. Dat fertelde Barbara Henkes as universitêr dosint by Rijksuniversiteit Groningen freed mei in digitale boekpresintaasje yn Tresoar.

Henkes: "Je ziet door heel Nederland en heel West-Europa dat er verschillende vormen van betrokkenheid bij slavernij zijn geweest. Friesland was daar geen uitzondering op. De schepen gingen ook naar Paramaribo of Batavia. Daardoor werden Friezen geconfronteerd met de slavernij. Men verdiende geld aan de handelsbetrekkingen. De producten die door tot slaaf gemaakte mensen werden geoogst, kwamen ook naar Friesland." It gie net allinne om slavernij yn Amearika, mar ek yn Súdeast-Azië.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga praat mei dr. Barbara Henkes

Tûzenen Fryske farrensmaten

Der wiene Fryske planters, bestjoerders en dûmnys, der wiene Friezen aktyf by de VOC en WIC en ek de admiraliteiten hiene dermei te krijen. Ut gewoane famyljes hawwe der tsientûzenen Fryske farrensmaten op skippen mei west nei fiere lannen, dêr't ynlânske minsken meinaam waarden om as slaaf te wurkjen. "Deze Friezen namen verhalen over 'de ander' mee terug."

Fryslân wie net in isolearre regio, mar just in knooppunt yn tal fan hannelsstreamen, seit sy. Yn letter tiid bleaune Fryske ûndernimmers faker thús yn de Republyk, mar sy wurken wol mei plakferfangers yn de fiere lannen dêr't wol ta slaaf makke minsken oan it wurk set waarden. Oan de oare kant krige ek de beweging dy't him ynset hat foar it ôfskaffen fan de slavernij letter oanhing yn Fryslân, bygelyks yn Harns.

Ek doe wiene der swarte Friezen

Der wiene oarsom ek ta slaaf makke minsken dy't yn Fryslân bedarren. Op ferskate skilderijen út de 17e- en 18e iuw is in Fryske elite werom te finen mei swarte betsjinners. "Het is vaak de vraag of deze zwarte bedienden nu bestaande mensen waren of dat ze zijn afgebeeld om de status van de witte persoon ernaast op te krikken."

Neffens Henkes is der noch net in soad bekend oer de libbensrin fan swarte minsken yn Fryslân yn it ferline. "Maar ze waren er zeker. Het zou mooi zijn als het meer bekendheid had." Henkes nimt as foarbyld Jacobus Groenewoud (1697-1737), in soan fan plantaazjehâlder Dirk Groenewoud en in ta slaaf makke frou. Dizze Jacobus groeide op yn Harns.

Barbara Henkes fertelt oer de relaasje tusken Keramiekmuseum Princessehof en it slavernijferline

Reizgje troch provinsje en tiid

Henkes: "Sommigen zeggen dat men het 'in de tijd moet plaatsen.' Maar dat is een te simpele dooddoener, waarmee men zich er te gemakkelijk vanaf maakt. Het suggereert dat het verleden een vreemd land is op afstand van het nu. Maar het verleden kan dichtbij gebracht worden." Mei de fyts- en kuierrûten kinne minsken troch likegoed de provinsje as troch de tiid reizgje. De rûten rinne bygelyks by djoere huzen, strjitnammen, monuminten en tinkplakken del.

Yn Fryslân is de namme fan Jacob Binckes (1637-1677) fan Koudum bygelyks werom te finen yn strjitnammen yn Koudum, Ljouwert en op It Hearrenfean. "Hij wordt gezien als een zeeheld. Maar hij zaaide dood en verderf op verre eilanden."

In byld fan Peter Stuyvesant - Foto: Shutterstock.com (Dirk M. de Boer)

Bekend is ek Peter Stuyvesant (1610-1672), in koloniaal bestjoerder dy't út Pepergea wei kaam. "Het zou mooi zijn als het verhaal bij zijn standbeeld niet alleen beperkt blijft tot dat van een zeeheld of gouverneur-generaal, maar ook als iemand die meer fan veertig slaven in dienst had en gewelddadig huishield."

'De frije Fries'

De earste eksimplaren fan it boek giene nei Jaleesa Schiphorst, bekend fan ferskate anty-rasisme-aksjes, en boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. Buma makke in ferwizing nei de bekende symbolyk fan 'de frije Friezen.' De rol fan ta slaaf makke minsken mei dêryn net fergetten wurde, neffens Buma. "Want met hun onvrijheid hebben ze de vrijheden van Friezen gefaciliteerd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)