Winkeleigeners bliid mei ferromming: "It spontane wie derôf"

De sfear fan in sneuperswinkel is dreech mei allinnich mar in webshop oer te bringen. Dêrom is Nellie de Vos fan Kokomo yn Warkum bliid mei de ferromming fan de winkelbeheiningen. Fan woansdei ôf hoege klanten gjin ôfspraak mear te meitsjen foar winkelbesiten. De Vos moat it fan de spontane klanten en fan de toeristen hawwe.
Nellie de Vos yn har winkel Kokomo yn Warkum © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Yn de winkel fan Nellie is fan alles te keap. Der hingje klean, mar der is ek glêswurk en tassen. De minsken dy't mei Keningsdei op strjitte binne, kinne der noch net yn. "Mei de hiele húshâlding winkelje falt ôf. It giet no noch per persoan." Har winkel is net sa grut en der meie net mear as fjouwer persoanen tagelyk yn. De lêste dagen is it wat minder mei de ôfspraken, ek omdat de minsken witte dat de ein yn sicht is.

"It spontane wie derôf"

Omdat toeristen dingen bestelle woene, hat se dochs mar in webshop iepene yn coronatiid. Se hat in soad dien oan sosjale media en ien kear yn de wike de etalaazje feroare, om it allegearre wat nijsgjirrich te hâlden. De Vos is hiel bliid mei de ferromming en dat der wer direkt kontakt is mei de klant, "want dat is it alderbelangrykste. It spontane wie derôf. Ik hoopje dat it no weromkomt."

Terrassen

De iepenstelling fan de terrassen oerdeis dy't woansdei ek yngiet, is fan grut belang foar de klandyzje, tinkt De Vos. "Minsken dy't in dei fuort te fytsen binne, bliuwe se net salang op ien plak, want se kinne net nei it húske ta. Se hawwe gjin ôfspraak, stean foar it rút en tinke: Ik mei der dochs net yn. No't de terrassen wer iepen meie en se gebrûk meitsje kinne fan it sanitêr, komme de spontane klanten hooplik ek werom."

Posityf bliuwe

Nettsjinsteande de coronakrisis hat De Vos moed hâlden. "Ik tocht altyd: Oer in pear wiken sil it wol better wêze. Om my hinne sjoch ik gjin winkels dy't tichtgien binne fanwege de ellende. Ferline jier hat de simmer ek in soad goed makke."
Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Nellie de Vos