Trije minsken ferwûne rekke by ûntploffing op It Hearrenfean

27 apr 2021 - 16:56

Troch in ûntploffing by wurksumheden oan in speedboat op It Hearrenfean binne trije minsken ferwûne rekke. It ûngelok barde njonken in fytsewinkel oan Het Meer, net fier fan De Knipe. De slachtoffers binne foar ûndersyk mei de ambulânse nei it sikehûs brocht, hat de brânwacht bekend makke.

Foto: Raymon Roersma / ProNews

De brânwachten fan Tsjalbert en It Hearrenfean binne rap op it plak kaam. Doe't sy dêr kamen, hiene de eigeners de boat al út it gebou helle. De brânwacht hat it fjoer fierder útmakke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)