Operaasje Fryske Flagge-Leo Jacobs: Bulgarije is krekt Fryslân fyftich jier ferlyn

27 apr 2021 - 15:43

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Leo Jacobs, in Amsterdamse Fries dy't yn it suden fan Bulgarije wennet, yn Bryagovo, in doarpke tusken de bergen.

Foto: Leo Jacobs

Leo Jacobs

Leo Jacobs (63 jier) is berne en opgroeid yn Amsterdam. Hy wennet sûnt 2017 yn Bulgarije. As bern siet op in ponnyklup yn syn wenplak Amsterdam. Dêrwei giene de bern faak nei Fryslân op fakânsje en dêr is syn leafde foar Fryslân begûn.

Dearsum

Letter waard er adviseur toerisme en rekreaasje yn Fryslân en wenne er ûnder oare yn Dearsum. Yn 2006 soe er in baan krije yn Poalen. Dat gie net troch, mar doe hie er syn sin al set op East-Europa. Hy kocht in hûs yn Bulgarije en reizge hinne en wer. Doe't er oerspand wurden wie, krige er it advys om op it plak te bliuwen dêr't er it lokkichst is en dat is Bulgarije. Syn freondinne wennet noch wol yn Fryslân. Foar 'dy rotcorona' kaam se noch trije of fjouwer kear jiers nei Bulgarije. Spitigernôch kin dat no net mear, seit Jacobs.

Mei hynder-en-wein om boadskippen

Leo fielt him thús yn Bulgarije, omdat it him tinken docht oan it Fryslân fan foarhinne. It is dêr fyftich jier tebek yn de tiid en sa wie it eartiids yn Fryslân ek. Alles is rêstiger, minsken binne freonliker, der is mear minsklik kontakt en mear natuer. Fansels binne de tiden feroare, mar yn syn doarpke yn Bulgarije middenyn de bergen rinne de hynders noch op strjitte. Oant in jier ferlyn gie Leo sels mei hynder-en-wein nei de winkel om te boadskipjen.

Fryske taal

Hy sprekt noch wol wat wurdsjes Frysk, mar kin de taal better ferstean as prate. Yn in omjouwing yn Fryslân dêr't minsken him net kenne, praat er mear Frysk, en oars wurdt it Nederlânsk. As foarbyld neamt er de Noardhoeke en Dantumadiel. As er dêr komt, praat er foaral Frysk.

Dilemma

Wol of net werom nei Fryslân; dêr is Leo noch net oer út. It is in drege kar, want yn Bulgarije mist er Fryslân en yn Fryslân mist er Bulgarije. Foarearst foldocht it him skoan yn syn doarpke Bryagovo yn de provinsje Plovdiv, mei syn hûnen, katten, hinnen en hynders.

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)