Oprop gemeente Ljouwert: "Kom net mear nei de Prinsetún, it is te drok"

27 apr 2021 - 17:52

Gemeente Ljouwert hat krekt foar 17.00 oere oproppen om net mear nei de Prinsetún te kommen. Je kinne dêr oer de koppen wol rinne, sa drok is it op Keningsdei yn it park. Kloften mei groepkes op kleedsjes, in soad boatsjes en oranje outfits; Keningsdei wurdt dêr troch in pear tûzen minsken fierd mei muzyk en tassen fol drinken. Yn en om it park wiene al tsientallen BOA's, plysjeminsken en befeiligers oanwêzich, mar earder op de dei waard der noch net yngrepen.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn de Ljouwerter Prinsetún

It waard drokker en drokker yn it stedspark. Dêrom hawwe boargemaster Sybrand Buma en de hanthavening yn in oerlis besletten ta dit advys. De besikers dy't yn it park binne, meie der wol bliuwe. Guon oare stêden yn it lân hawwe der wol foar keazen om drokke parken te ûntromjen.

"Het is een landelijk beeld," erkent in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert. "We spreken mensen aan op gedrag en we handhaven op excessen." Boargemaster Sybrand Buma woe sels net reagearje op it beslút.

De BOA's hanthavenen benammen op oerlêst troch lûd en drank. De coronamaatregels wurde waarden net al te bot hanthavene. "We gaan er niet met gestrekt been in," sei in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert earder. Dochs wie it ek foar BOA's wol in nije situaasje. Ien fan harren sei: "It is net te leauwen, sûnt corona haw ik dit noch net meimakke hjir yn de Prinsetún."

"Moat kinne"

De jongelju op de grûn hawwe der minder muoite mei. "Moat kinne," seit ien. In oar seit: "Sa heart it eins. It is spitich fan corona, mar oars soe it ek sa wêze. Ik bin der net sa benaud foar. Ik kin my wol foarstelle dat minsken fernuvere binne. Benammen âldere minsken miskien."

It is smoardrok yn de Ljouwerter Prinsetún

Veiligheidsregio Fryslân advisearret om yn de eigen omjouwing te bliuwen. "Het is heel begrijpelijk, maar absoluut niet verstandig. Dus blijf vooral weg uit de Prinsentuin op dit moment," seit Wendy Geertsma fan de Veiligheidsregio. Neffens har falt it fierder yn de provinsje ta mei de drokte.

Wendy Geertsma fan Veiligheidsregio Fryslân

It is net de earste dei dat it drok is yn it park, ein maart wiene der ek al twa simmerske dagen wêrop't it drok wie yn it park. Neffens de gemeente wie it doe 'behearskber.' Mar ek doe holden minsken net allegearre rekken mei de coronaregels.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust krekt nei 17.00 oere yn de Prinsetún

(Advertinsje)
(Advertinsje)