Foar de twadde dei op 'e rige 179 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn de ôfrûne 24 oeren binne 179 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. Dat binne der likefolle as moandei. Doe wienen it der ek 179. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 210 besmettingen fêststeld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân, beiden 25 nije besmettingen. Dêrnei folgje De Fryske Marren en Noardeast-Fryslân, mei beiden 20 besmettingen.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2 stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, it giet om ynwenners fan Hearrenfean en Noardeast-Fryslân.
Der waarden gjin nije sikehûsopnamen meld yn ús provinsje.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 5.373 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it de ôfrûne wike yn trochsneed eltse dei 7.871.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.