Keningsdeifierders wolle no al op terras sitte

27 apr 2021 - 13:20

De hoareka yn Fryslân stiet yn de startblokken om de terrassen wer te iepenjen. Op Keningsdei mei it noch net, mar fan woansdei ôf kinne de taffeltsjes en stuollen wer nei bûten ta. Wol mei de nedige beheinings. Binne de hoarekaûndernimmers der klear foar?

Terrasopbou by ytkafee De Dikke Van Dale yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Yn it sintrum fan Ljouwert binne se drok dwaande mei de tariedings. Op Keningsdei is der mear folk yn de stêd as oars. By ytkafee De Dikke van Dale oan de Nijstêd mjitte se de tafels út en sette se klear. Foarbygongers freegje oft se it terras op meie, fertelt bedriuwslieder Jaap Touwen. Mei it moaie waar fan Keningsdei hiene se dy dei ek graach meipakt, mar dat kin net.

Gekoanstekkerij

Efkes fierderop oan de Twibaksmerk binne se ek dwaande by de Ierkse pub Paddy O'Ryan. Eigener Baukje de Vries hat in dûbeld gefoel by de iepening fan de terrassen, foarearst middeis fan 12 oant 18 oere. Oan de iene kant is se bliid dat se wer los kin en oan de oare kant is it gekoanstekkerij. En mei it each op de situaasje yn sikehuzen kin it eins net.

"Leaver op 1 juny hielendal iepen"

De Vries hie leaver alles op 1 juny iepensmiten en dan hielendal sûnder beheiningen fan tiidslotten en reservearringen. As no de minsken nei 18 oere fan it terras ôf moatte, gean se byinoar sitten, tinkt De Vries. Dan hie in tuskenoplossing fan 20 oere as slutingstiid yn plak fan 18 oere ek al better west. Foar woansdei hat se al aardich wat reservearrings te stean.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn it sintrum fan Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)