Preamfarre út museumhaven

23 jul 2012 - 17:46

De Stichting Praamvaren Leeuwarden nimt kommende sneon in twadde steiger yn gebrûk by de beursbrêge oan de Willemskade. De stichting hat al in steiger op de Nijstêd, mar de kommende simmer kin as proef ek út de museumhaven wei in tocht mei in pream makke wurde. Yn de museumhaven lizze tal fan monuminale motor- en sylskippen en dus wie it foar de stichting in logysk plak.

Der binne trije preammen dêr't mei troch de Ljouwerter binnenstêd fearn wurdt. De bemanning bestiet út frijwilligers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)