Mear kaarten beskikber foar kommende wedstriid fan Cambuur

27 apr 2021 - 13:10

Foar de wedstriid fan SC Cambuur tsjin De Graafschap kommende freed binne ekstra kaarten beskikber. Seizoenkaarthâlders kinne har oanmelde foar woansdei 12.00 oere.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It duel fan freed is oanjûn as testevenemint en dan meie der lang om let wer supporters yn it stadion. Ein septimber ferline jier wie de lêste wedstriid mei wat publyk. Dat wie SC Cambuur - Jong FC Utrecht.

Belangstellenden kinne har fia in formulier op de webside fan de Ljouwerter fuotbalklup opjaan. Mei in lotting wurdt bepaald wa't nei de wedstriid mei.

Op de webside fan Cambuur stiet alle ynformaasje oer tagong en testen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)