Dûnsskoallen freegje mei aksje omtinken foar har drege sitewaasje

Dûnsskoallen lûke tongersdei oan de bel mei in nasjonale dûnsaksje. Se binne al skoften ticht troch de lockdown en har finansjele situaasje wurdt hieltyd soarchliker. De Drachtster dûnsskoalle Studio to B docht ek mei oan de aksje.
Dûnsskoallen freegje mei aksje omtinken foar har drege sitewaasje
"We binne alwer in pear moannen ticht", seit Ben Vieberink fan de dûnsskoalle. "Dûnsje wie myn libben en no is alles stil. Ik kin wol goed 'omtinke', dus ik bin posityf, mar it is wol lestich, ek finansjeel."
Om kontakt mei de leden te hâlden, makke er alle dagen in dûnsfilmke. "Ik besykje safolle mooglik te sjen wat wol kin, dus doch ik in soad online en ha ik al sa'n 300 dûnsfilmkes makke. Ik jou les yn zumba, yoga en fitness. Dat de leden ek yn dizze tiid bewege."
Finansjeel is it dreech, de leden betelje kontribúsje mar foar hoe lang noch. "It duorret al fiif moannen en it wurdt lestiger."
Mei de aksje hopet er omtinken te freegjen foar de dûnsskoallen. "Om 17.15 oere is it idee dat elk oan it dûnsjen is. Bewege en dûnsje is belangryk." Hy hopet dan ek wer sa gau mooglik iepen te kinnen.
Ben Vieberink
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy