Fryslân fiert dizze Keningsdei yn it lyts, de sfear is net minder feestlik

27 apr 2021 - 12:39

Troch corona is dizze Keningsdei oars as oars. Kening Willem-Alexander fiert syn jierdei mei syn famylje yn Eindhoven. Fierder wurdt Keningsdei benammen lokaal en op lytsere skaal fierd. Oranjeferieningen kinne -foar it twadde jier op rige- net écht útpakke. Hoe dogge se dat bygelyks yn Makkum?

Foto: ANP

Yn 1898 is dêr de iennige Keninginneferiening yn it lân oprjochte by de ynhuldiging fan Wilhelmina. It bestjoer hat de spesjale outfit oandien: jaskes yn de kleuren fan de flagge, swarte huodsjes en oranje 'ferdommelinkjes' oftewol strikjes. "De sturtjassen hearre derby", seit Durkje.

"Oeral hingje flaggen, we ha de klokken al let en it Wilhelmus is songen en spile. We ha de minsken oproppen dy't in muzykynstrumint bespylje om yn de doar of op strjitte te spyljen. Dat hat se dien, dat wie pikefel", follet Gerrit oan.

Om 12.00 oere koenen Makkumers 'soep op de stoep' ite. "In soad minsken dogge mei, se ite selsmakke sop of helje it by de hoareka wei", fertelt Arnolda. En oan de ein fan de dei wurdt it gjin sop mar sûpe op de stoepe as elk in oranjebitterke nimt."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman wie yn Makkum

Ferkeap op strjitte

Fanwegen corona binne der gjin grutte frijmerken, mar foar hûs of op de eigen oprit ferkeapje tal fan minsken har guod. Op tal fan plakken waard dat coronaproof dien.

Keningsdeiferkeap op de oprit De Harkema - Foto: Atze van der Ploeg

Op De Harkema en yn Surhústerfean grypten de bewenners Keningsdei mei beide hannen oan om de kleankast of de souder op te rêden. Op De Harkema waard op sawat santich adressen fan alles en noch wat ferkocht. De earste keapers strúnden al om 8 oere by de opritten del.

Ek yn Hurdegaryp en yn Burgum ferkochten bern guod op taffeltsjes en op karren.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust makke in rûntsje troch de provinsje. Yn Hurdegaryp en Burgum wienen tal fan kleedsjes mei guod te keap.

"Het is supergezellig en ik heb al best veel verkocht", seit Larissa yn Burgum. Neffens mem Wendy hienen se it pas de jûn dêrfoar betocht om der dochs noch wat feestliks fan te meitsjen.

Ek yn Hurdegaryp wie it idee: 'beter iets dan niets' en wie der in oranjegefoel op lytsere skaal.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie yn Burgum

(Advertinsje)
(Advertinsje)