Polityk Weststellingwerf warskôget foar minder frekwint boarstkankerûndersyk
It previntive boarstkankerûndersyk fan ien kear yn de twa nei ien kear yn de trije jier opskowe, sil ta mear stjergefallen liede. Dêrfoar warskôgje meardere partijen yn de gemeenteried fan Weststellingwerf. It plan komt fan de steatssekretaris.
Steatssekretaris Blokhuis wol de boarstkankerscreening yn de bekende bussen minder faak útfiere omdat der net genôch personiel wêze soe foar it ûndersyk. De partijen Sociaal Duurzaam Weststellingwerf, CDA, GroenLinks, Weststellingwerf Belang en Blijf Stellingwarfs tinke dat der dan mear froulju stjerre sille oan boarstkanker. De gemeente moat dêroer mear op de tromme slaan yn de regionale en lanlike polityk, fine se.
Se wolle fierders dat de minimumleeftiid fan 50 nei 35 jier giet. It befolkingsûndersyk nei boarstkanker wurdt no dien by froulju fan 50 oant 75 jier en en dan ien kear yn de twa jier.
"Personielskrapte spilet al jierren"
De Borstkankervereniging en de KWF Kankerbestriding binne ek op it plan fan de steatssekretaris tsjin. Dat der te min personiel is, spilet al jierren, sizze sy. It RIVM en de screeningsorganisaasjes hawwe it prima oan tiid hân om oan in oplossing te wurkjen. Fanwege de corona hat it ûndersyk wol in skoft stillein en dêr hawwe beide organisaasjes alle begryp foar.