Kaartferkeap foar PC yn Frjentsjer is foarearst útsteld

De kaartferkeap foar de 168e PC, dy't foar 4 augustus op de aginda stiet, is útsteld. Normaal sprutsen begjint de foarferkeap op de earste sneon fan maaie. De PC lit witte dat it op dit stuit noch net dúdlik is hoefolle publyk oft by de PC yn Frjentsjer komme mei dit jier.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Tribunebou en dêrmei ek de kaartferkeap sille op de omstannichheden oanpast wurde moatte.
De PC sil op 'e tiid witte litte wannear't de kaartferkeap foar de belangrykste keatswedstriid fan 2021 begjint. Minsken dy't foar eardere edysjes kaarten online besteld hawwe krije hjiroer fia de mail berjocht.