WEROMBLIK: Doe't 30 april noch Keninginnedei wie

27 apr 2021 - 09:00

Sûnt it begjin fan de regionale telefyzje yn 1994 hat Omrop Fryslân omtinken jûn oan de aktiviteiten op Keninginnedei yn de provinsje. De jierdei fan keninginne Beatrix waard oant har abdikaasje yn 2014, fierd op 30 april. De telefyzjeregistraasjes toane benammen in dei dy't alle jierren sûnder grutte ynsidinten ferrûn, mei de wenstige ingrediïnten as frijmerken, aubades en optochten. Benammen op de frijmerk fan Ljouwert kaam alle jierren mear folk ôf.

1996: Omrop Fryslân wie by de frijmerk yn Ljouwert, de optocht yn Beetstersweach, yn de wenkeamer foar de telefyzje yn Akkrum en by in skelterrace yn Jelsum:

1997: it hiele Saailân yn Ljouwert wie beset troch de ambulante hannelers. De sfear wie gemoedlik, de hannel goed en it waar knap, sa tekene Omrop Fryslân op:

1999: om't de binnenstêd nije strjitstiennen krijt en de freedsmerk op it Saailân is, is de frijmerk yn Ljouwert op de Grienewei en by de Aldehou. Dêr stie ek de bekendste Cambuur-supporter te hanneljen foar syn club:

2001: moai waar en 50.000 besikers op de frijmerk yn Ljouwert -dêr't sels in auto te keap is- meitsje Keninginnedei 2001 ta in súkses:

2002: Omrop Fryslân wie by de tradisjonele aubade en de like tradisjonele oranjetompoezen yn Harns:

2003: yn Snits spilet de Blauhúster Dakkapel en yn Heech hat de Oranje-samling fan de 82-jierrige Alberta van der Heide plak krigen yn it gebou fan de VVV:

2007: it Oranjekomitee fan De Jouwer woe ris wat oars en om't it plak wat mei ballonnen hat waard der fan ballonnen in megaflagge makke:

Keninklike besite yn 2008

Op 30 april 2008 brocht keninginne Beatrix in besite oan Makkum en Frjentsjer. It waard in feestlike dei dy't sûnder in probleem ferrûn. Der kamen 15.000 minsken nei Makkum en 20.000 nei Frjentsjer om de keninklike famylje te sjen. Dat beide besites folle langer duorren as pland wie, wie neffens skiedend kommissaris Nijpels in teken dat Beatrix it tige nei it sin hân hie.

2008: in kompilaasje fan Keninginnedei 2008 dy't folslein yn it ramt stie fan de besite fan keninginne Beatrix oan Makkum en Frjentsjer:

(Advertinsje)
(Advertinsje)