Hoe fiert Fryslân dizze Keningsdei?

27 apr 2021 - 08:09

In soad Oranjekomitees stean dizze Keningsdei foar de fraach 'wat dogge we yn dizze coronatiid?' Rûnom yn ús provinsje binne oanpaste aktiviteiten, mar yn Drachten is alles ôfsein. Tal fan minsken sille thús foar de telefyzje sitte mei wat (oranje)lekkers derby.

Foto: ANP

"It docht hartstikke sear, dat it foar it twadde jier oergiet", seit Anton de Boer. Hy is foarsitter fan it Drachtster Oranje Comité. "We ha moannen dwaande west mei it programma, mar we ha besletten om neat te dwaan fanwegen corona."

It komitee hat wol neitocht oer in alternative fiering. "Mar we wolle net dat as we wat leuks dogge en dat minsken miskien siik wurde, dat dat dan by ús weikomt. Dus kieze we derfoar om it programma troch te skowen nei takom jier."

Sels fiert De Boer Keningsdei dus thús. "Om kertier oer seizen fan 'e moarn ha ik de flagge al ophongen. Oars wie ik altyd al betiid op paad om dingen te regeljen, mar dat is no net sa. Ik sil no op telefyzje nei de keninklike famylje yn Eindhoven sjen."

Anton de Boer

Martinitsjerke yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Muzyk yn Snits

Yn Snits is in alternatyf betocht foar dizze Keningsdei. "In Sneek vieren we Koningsdag altijd met veel muziek en dat doen we nu ook in aangepaste vorm", fertelt Dick Overeem, foarsitter fan de Oranjeferiening. "Met drie draaiorgels maken we een tournee langs bejaardenhuizen, verpleeghuizen en andere woonlocaties, zo'n 25 in totaal. Iedereen is dolenthousiast dat er wat reuring is. We gaan lekker een halfuurtje draaien, en gister hebben we al oranjekoek gebracht dus ze kunnen lekker koffie drinken met wat lekkers erbij."

Ek hat de feriening mandarinen brocht by klanten fan de Voedselbank. Online binne der ek ferskate saken te belibjen. "Clown Sander heeft een clip opgenomen met een paar van zijn acts opgenomen en met kinderen heeft hij het dansje van de koningsspelen opgenomen."

Lykas alle jierren spilet it kariljon. "De beiaardier speelt op het carillon van de Martinikerk, dus dat is wel vertrouwd, maar de aubade die we anders altijd hadden gaat helaas niet door. En er is ook geen vrijmarkt en muziek in de stad. Dat is wel zuur, helemaal omdat het mijn laatst dag is als voorzitter van de Oranjevereniging. Maar ik ga toch met een blij gezicht de dag in."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Dick Overeem

Ferbining tusken jong en âld yn Koudum

Yn Koudum hat de Oranjeferiening ek allerhanne aktiviteiten betocht. "In grut feest wat we wend binne, kin net echt, mar we ha besocht om der wat leuks fan te meitsjen. Dêrby ha we socht nei ferbining tusken jong en âld. Gewoanwei begjinne we moarns mei in optocht foar de bern, en is by it doarpshûs mei muzyk en iterij, mar dat kin no fansels net", seit ien fan de feriening.

"We gaan harten rondbrengen bij verzorgingshuis De Finke. Dat is een verrassing voor de bewoners. De houten harten zijn gemaakt bij de dagbesteding en kinderen hebben ze versierd. Die harten zijn op een groot bord geplakt, zodat het wel een schilderij lijkt", follet in oar oan. It is bedoeld as hert ûnder de riem.

Ek binne prizen beskikber foar de moaiste fersierde tún en der binne kleurplaten rûnbrocht, dêr't ek prizen mei te winnen binne. Doarpshûs De Klink hat bier- en wynpakketten rûnbrocht sadat minsken thús riede kinne watfoar soart it is.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei minsken yn Koudum

Keningslunch mei Fryske produkten

De eardere organisaasje Kening fan de Greide hyt tsjinwurdich Kening en op dizze Keningsdei litte se ek fan har hearre mei in spesjale keningslunch. It miel bestiet hast folslein út Fryske produkten: de bôle, molke, tsiis is makke mei it each op bioferskaat.

"We wolle sjen en priuwe litte wat út de regio komt en by dy produkten leverje we in rûte dêr't se makke binne, sadatst sels sjen kinst hoe't it lânskip derútsjocht by dizze wize fan buorkjen", fertelt Marcia de Graaff fan Kening. "As konsumint ha we in stim yn hoe't it lânskip derútsjocht en kinne we boeren stypje om sa te buorkjen."

Yn coronatiid keapje mear minsken lokaal har iten en se sjogge ek dat produsinten folle mear omset hawwe. "It is posityf dat in soad minsken har mei bioferskaat dwaande hâlde, mar de sifers litte sjen dat it noch net goed genôch giet. Der is dus noch in protte te dwaan."

Marcia de Graaff

Kening Willem-Alexander fiert dizze dei syn 54ste jierdei. Fanwegen it coronafirus binne de aktiviteiten oanpast. De kening, keninginne en de trije prinsessen binne yn Eindhoven. Der is gjin publyk by, mar se ha wol in fol programma. Dat is te sjen fan 10.50 oere ôf op telefyzje by de NOS. De dei wurdt ôfsletten mei in 'Nationale Toost'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)