Syljacht te plak yn Juist

It Nederlânske syljacht dat as fermist opjûn wie en dêr't de hiele middei om socht is, is wer teplak. It jacht wie sneon ôfset fan Lauwerseach rjochting Noordpoldersyl yn Grinslân en soe Borkum, mar is dêr net oankaam. De famylje hie moandei de helptsjinsten ynskeakele doe't se gjin kontakt mei it jacht krije koene.
Moandei oan 'e ein fan 'e middei kaam it berjocht dat in jacht dat oan de beskriuwing foldie út de haven fan Borkum gien wie. Dêrnei slagge it de famylje om kontakt te meitsjen mei it jacht, dat no yn de haven fan Juist leit.
Der wie neat te rêden mei de opfarrenden.