ROAZ-foarsitter Van der Zee: "Wij maken ons ernstig zorgen over de komende weken"

27 apr 2021 - 06:08

Ate van der Zee, foarsitter fan it Regionaal Overleg Acute Zorgketen yn Noard-Nederlân hat grutte noed oer de kommende wiken. Neffens him is de druk op de sikehuzen hiel heech en sil dat mei de oansteande ferrommingen allinnich mar oprinne.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

"Ik maak mij echt heel ernstig zorgen over de komende weken. We zien eigenlijk toch dat er continu een hele hoge druk is in de ziekenhuizen, vooral ook op de intensive cares. Daar dreigt de rek helemaal uit te raken", seit Van der Zee.

Op it stuit lizze der mear as 800 coronapasjinten op de intensive care, en dat tal giet noch hieltyd fierder omheech. Ernst Kuipers fan it Landelijke Netwerk Acute Zorg warskôge snein dat hy ferwachtet dat de pyk pas heal maaie is.

Keningsdei

De oansteande ferrommingen en Keningsdei meitsje Van der Zee der net gerêst op. "Die zien wij met enorme zorgen tegemoet. Daarom ook de oproep aan iedereen, ook al kan iedereen het bijna niet meer horen, maar het blijft nog steeds heel belangrijk om je aan de regels te houden. Op die manier zorgen we ervoor dat het aantal besmettingen omlaag gaat en uiteindelijk daardoor ook het aantal opnames in het ziekenhuis en het aantal opnames op de intensive cares", seit Van der Zee.

Ate van der Zee fan it ROAZ

(Advertinsje)
(Advertinsje)