Man út Feanwâlden woe holle fan eks ôfslaan en tentoanstelle by gemeentehûs

26 apr 2021 - 19:59

In man út Feanwâlden hat in selstraf krigen fan in heal jier, neidat er drige syn eks de holle ôf te slaan. Dy woe er by it gemeentehûs delsette. Dat soe er sein ha tsjin in begelieder, dy't er krigen hie neidat er earder foar problemen soarge hie.

Foto: ANP

Neidat de man oanholden wie, hold er net op him te misdragen. Hy pisse yn it plysjeburo en smiet hite tee oer in bewaker hinne.

Earder makke er him skuldich oan in hiele rige fan delikten. De measten dêrfan hiene te krijen mei syn eks. De fertochte ûntkende dat er sein hie dat er har de holle ôfslaan woe. Hy sei wol dat er lilk wie, omdat se hieltyd falske oanjeftes dwaan soe.

De man hie al in kontaktferbod. Dat hat er brutsen, troch mei de auto by de wenning fan syn eks del te riden.

Rjochter hat soargen

De straf dy't de man krigen hat, is heger as de eask fan Justysje. De offisier easke 125 dagen sel, likefolle as it foararrest, en 30 dagen ûnder betingst. De rjochter hat dêr 180 dagen fan makke, en 180 dagen ûnder betingst.

De rjochter makket him soargen oer de ûntarekkenberens fan de fertochte, dêr't er it libben fan syn eks "tot een hel" mei makket. De man hat in nij kontaktferbod krigen.

Boppedat moat er it skjinmeitsjen betelje fan de sel dêr't er yn miigd hat (58 euro), en hy moat 150 euro smertejild betelje oan de meiwurker fan De Marwei, dêr't er de tee oerhinne smiten hie.

Trefwurden: 
plysje Feanwâlden
(Advertinsje)
(Advertinsje)