Topteams kinne earder teplak op simmeriis: "Was even duwen en trekken"

De reedriders fan kommersjele topteams kinne al fan 21 juny ôf teplak op it simmeriis fan Thialf. Dat is twa wiken earder as pland. De 400-meterbaan soe eins op 5 july iepengean.
© Jumbo-Visma
Fanwegen de Olympyske Spelen yn febrewaris fan 2022 hiene de teams lykwols frege oft de baan ek earder iepen koe. Dat soe better passe yn de 'optimale planning' foar it olympysk seizoen.

Kosten

Twa wiken earder iepen betsjut in hiel soad mear kosten foar de iisbaan, mar dat is oplost. "Het is echt een gezamenlijke inspanning geworden", seit technysk direkteur Remy de Wit fan de KNSB. "Topteams betalen mee, NOC*NSF neemt een deel van de kosten op zich en ook de KNSB draagt bij. Met het resultaat ben ik hartstikke blij, want juist in een olympisch seizoen wil je op geen enkel vlak concessies doen."
Ek de direkteur fan Thialf, Marc Winters, is bliid: "Niet alleen het gegeven van twee weken extra ijs is positief, maar vooral het snelle schakelen tussen alle partijen onderstreept de goede samenwerking."

Meibetelje

Allinnich de teams dy't meibetelle hawwe oan it iis, meie der gebrûk fan meitsje. Dat giet om Jumbo-Visma, Reggeborgh, Zaanlander en Worldstream. "Het was even wat duwen en trekken, maar samen zijn we er uitgekomen. En dat is mooi, want twee weken extra ijs in de zomer is voor onze planning gewoon enorm belangrijk", seit Jac Orie, coach fan Jumbo-Visma.