Ringe strânljip op It Amelân wiist út dat fûgel hast 34 jier âld wie

26 apr 2021 - 18:27

Op it strân fan Hollum op It Amelân fûn Jan Jaap Werkman snein in deade strânljip. Dat is net sa bysûnder, mar wol bysûnder wie dat de fûgel ringe wie op 16 juny 1987 by Hoorn op Skylge. Dat is dus hast 34 jier lyn. Gewoanwei wurde strânljippen net âlder as 20 jier.

Foto: Jan Jaap Werkman

Werkman fûn de fûgel 'by it Suudwest'. "Ik was toevallig een ommetje aan het doen, een deed een rondje zeelijn en later wat hogerop. Als ik een dode vogel zie, kijk ik altijd of 'ie ook wat omheeft, meestal niet, maar nu zag ik een ring. Daarop stond dat 'ie geringd was. Het ringnummer heb ik op internet ingevoerd en dan krijg je informatie over het ringen. Hij was al wel paar weken dood, maar heeft dus 34 jaar geleefd, dat is best oud."

Jan Jaap Werkman

Hy krige in soad reaksjes op syn tweet. "Ik heb al meer dan 500 reacties gehad. Uit het hele land, zelfs uit Rotterdam en ook veel van Terschelling waar die geringd is. Ik vind de kracht van zo'n vogel heel bijzonder. Dat 'ie onder allerlei barre omstandigheden zolang heeft weten te overleven."

Trefwurden: 
Hollum strânljip
(Advertinsje)
(Advertinsje)