Ferhâlding Roozemond en Foppe en Riemer rint wer in dûk op: "Boos is een groot woord"

26 apr 2021 - 17:35

Algemien direkteur Cees Roozemond en klupikoanen Foppe de Haan en Riemer van der Velde sitte oer in goeie moanne wer mei-inoar om tafel. Ofrûne wike hawwe de beide partijen praat oer de takomst fan SC Hearrenfean. Dat petear begûn muoisum, seit sportferslachjouwer Roelof de Vries: "It hat der wol om spand oft de petearen wol trochgiene." Yn de SportCast nuansearret Roozemond dat lykwols.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Ien fan de punten dêr't Van der Velde en De Haan net oer te sprekken binne, is dat SC Hearrenfean ferline wike in nije technysk manager beneamd hat yn de persoan fan Ferry de Haan. De klupikoanen binne fan miening dat je earst in plan meitsje moatte en dêrnei pas de ynfolling besjen moatte. It plan is no noch net klear en der is al wol in nije technyske man. Boppedat is sawol Van der Velde as Foppe de Haan yn it foar net ynformearre dat Ferry de Haan oannaam wurde soe. "Riemer en Foppe ha wol even lilk west yn dit petear, ek om't it neffens harren net de earste kear is dat se passeard wurde", seit Roelof de Vries.

Neffens Roozemond is it net sa dat se lilk wiene. "Boos is een groot woord. Er zijn verschillende meningen over tafel gegaan. Riemer laat in niet mis te verstane termen weten dat hij het er niet mee eens was." Wol jout de direkteur ta dat er in flater makke hat troch beide manlju net te ynformearjen oer de komst fan Ferry de Haan. "Ik had ze op de hoogte kunnen brengen voordat het in de pers kwam, dat geef ik toe. Normaal gesproken gebeurt dat altijd. Ik was in de veronderstelling dat dat gebeurd was, maar dat is niet goed gegaan." Yn de earste wike fan juny sitte de manlju wer mei-inoar om tafel.

Nocht oan Fryske derby

Troch de promoasje en it kampioenskip fan SC Cambuur is folgjend seizoen de Fryske derby werom. Dêr is Roozemond tige wiis mei: "Wij verheugen ons echt op die twee wedstrijden. Die kennen hun weerga niet en dat is wat voetbal in Friesland zo mooi maakt." Benaud dat SC Hearrenfean miskien sponsoaren en supporters kwyt rekket trochdat der yn Ljouwert no ek fuotbal op it heechste nivo is, is Roozemond lykwols net. "Tuurlijk, je vist gedeeltelijk in dezelfde vijver. Maar wij hebben een heel trouwe basis van sponsoren en hebben er alle vertrouwen in dat ze bij ons blijven."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)