FIDEO: "Ik meitsje my wol wat soargen oer jo"

Yn de sânde ôflevering fan Fan binnenút giet it oer âldereinmishanneling. Want, wa sjocht dat? De thússoarch komt efter de foardoar en sinjalearret in soad. Wykferpleechkundige Jildau Postma fertelt wêr't se op let. De âldere sit sels altyd net te wachtsjen op al dy drokte. In lêstich dilemma dêr't Veilig Thuis Friesland faak mei te krijen hat. Wannear grypst yn, en wannear litst it sa as it is?
Yn Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. De rige jout in oangripend byld fan it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland.
De searje Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? is moandeis te sjen op telefyzje om 17.15 oere en wurdt alle healoeren werhelle.
Fragen oer of fermoedens fan bernemishanneling, âldereinmishanneling of hûslik geweld? Belje 0800-2000 (fergees, 24/7) of chat mei Veilig Thuis. Op de webside van Veilig Thuis steane ek faak stelde fragen.