Nij ynformaasjesintrum op Skiermûntseach iepenet sneon: "Alles ûnder ien dak"

26 apr 2021 - 14:49

It nije ynformaasjesintrum 'Het Baken' op Skiermûntseach wurdt kommende sneon iepene. Dizze wike wurdt it lêste wurk útfierd, sadat de earste toeristen yn de maaiefakânsje nei binnen kinne. Yn it nije sintrum wurkje Natuurmonumenten en VVV Schiermonnikoog gear.

De bou fan in nij sintrum wie al jierren in winsk fan de ferskate partijen. It âlde gebou fan de VVV en it besikerssintrum fan Natuurmonumenten wiene ferâldere. Om fierdere gearwurking tusken de partijen te ferbetterjen, wie in nije, sintrale lokaasje ûnmisber. Besikers kinne dêr terjochte foar algemiene ynformaasje en ekskurzjes, mar ek foar útstallingen oer de natuer op Skiermûntseach.

Under ien dak

"Het was heel belangrijk dat het samen zou gaan", fertelt Mia Michels, koördinator út namme fan Natuurmonumenten. "Vooral om de bezoeker onder één dak alles te kunnen bieden. Voorheen was het op verschillende locaties. Dit is beter en duidelijker, vooral ook voor de toeristen."

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Oer de lokaasje, oan de Reeweg yn it doarp, wie de ôfrûne jierren noch wol wat diskusje. Ferskate eilanners wiene benaud dat it dêr te drok wurde soe troch de komst fan it nije ynformaasjesintrum. Dy soargen binne neffens Michels foar it grutste part fuortnommen en foar de drokte binne foarsjennings troffen.

Ek Joke Eijer, koördinator fan de VVV op Skiermûntseach, sjocht út nei de iepening kommende sneon. "Het is nu al lekker druk op het eiland en dat zal volgende week in de meivakantie ook zo zijn. Er mogen vanwege de coronaregels wel maar acht mensen tegelijkertijd binnen zijn, maar zij kunnen al wel gebruikmaken van de mogelijkheden."

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies
(Advertinsje)
(Advertinsje)