Pleit foar de hynsteblom: "Weidevogels terug door paardenbloemen in weilanden"

26 apr 2021 - 15:25

Karst Meijer fan it Herbarium Frisicum yn Wolvegea pleitet foar in better imago fan de hynsteblom. Faak fine minsken de plant ferfelend om't de woartel sa fêstsit tusken de tegels. Mar Meijer fynt it krekt in bysûndere en alsidige plant, dy't belangryk is foar ynsekten en needsaaklik as we de greidefûgels hâlde wolle.

Foto: Karst Meijer

"Het gaat heel slecht met de paardenbloem, hij komt helaas steeds minder voor", fertelt er. "Als ik het vergelijk met vroeger, toen ik in jaren zestig als jongetje de provincie inging, dan was heel Fryslân geel. Als ik zie wat er nu van overgebleven is, zijn we meer dan 80 procent van die biodiversiteit kwijt."

Yn Nederlân komme 250 soarten foar. "Als je vroeger een geel weiland zag, dan waren er wel 60 soorten en nu nog maar één of twee." De oare soarten binne weromdrukt yn de bermen, parken en tunen.

Sûnder hynsteblom ek gjin greidefûgel

Neffens him moatte we ophâlde mei it meanen fan bermen en fjilden en de hynsteblom stean litte. "We krijgen alleen onze weidevogels weer terug door meer paardenbloemen in de weilanden. Insecten worden in het voorjaar wakker na een lange winterperiode en die storten zich hongerig op de paardenbloem die vol nectar zit. Een kuiken van een weidevogel moet, als die uit het ei is gekropen, leven van insecten. Ze eten per dag gemiddeld tienduizend insecten."

Hy pleitet foar saneamde corridors; stroken fan 10 meter breed yn de greide dy't minder faak bedonge en meand wurde. "Dan heb je de paardenbloem in een aantal jaar weer terug. De soorten in de wegberm staan te trappelen om terug te komen in de weilanden. Hoe mooi zou het zijn als we een lint van paardenbloemen door Fryslân krijgen."

Karst Meijer

Foto: Karst Meijer

Lanlike dei

Mei in lanlike dei fan de hynsteblom wol er mear omtinken foar de plant freegje. Dy dei belibbe ôfrûne snein syn twadde edysje. Hy rôp op om foto's fan de hynsteblom te stjoeren. Hy hat wol tûzen krigen. "Als je er een foto van maakt, ga je er toch anders naar kijken." Meijer wol de lanlike dei elk jier weromkomme litte. "Als er geen corona meer is, wil ik er een evenement van maken en iedereen erbij betrekken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)