Plysje pakt man (55) foar brânstichting yn âld muzykgebou Dokkum

26 apr 2021 - 15:57

Der is in man oanholden foar brânstichting yn it âld gebou fan de muzykferiening fan Dokkum. Dat meldt de plysje. It gebou hat twa kear yn koarte tiid yn de brân stien. De man dy't no oanholden is, soe de earste brân stichte ha.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Neffens de plysje giet it om in 55-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwsplak. Plysjes tinke dat er ek in bedriuwsbuske fernield hat, yn it earste wykein fan april.

Al nei de earste brân wie der net folle mear oer fan it âld opslachgebou fan muzykferiening DoMuKo, oan de Van Kleffenstrjitte yn Dokkum. By de twadde brân binne de parten dy't noch stiene folslein ôfbaarnd. In stel dat doe mei de camper neist it gebouw parkearre stie, koe doe ûntsnappe oan it fjoer.

Beide kearen soe it fjoer begûn wêze yn in bulte ôffal achter it gebou. De plysje meldt dat de fertochte dage is. Hy moat him meikoarten foar de rjochter ferantwurdzje.

Trefwurden: 
plysje Dokkum brânstichting
(Advertinsje)
(Advertinsje)