RIVM meldt 179 nije coronabesmettingen; fjouwer Friezen sikehûs yn

26 apr 2021 - 15:20

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 179 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. Dat binne der minder as snein. Doe wiene it der 216. Yn trochsneed binne der de ôfrûne wike alle dagen 208 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert. Dat giet om 29 minsken. Dêrnei Hearrenfean (24) en Súdwest Fryslân (19).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der waarden 4 nije sikehûsopnamen meld yn ús provinsje. It giet om ynwenners fan de gemeenten Waadhoeke (2), Noardeast Fryslân en De Fryske Marren.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 6.257 nije coronagefallen registrearre. Dat wiene der snein noch 8.079.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)