Provinsje ferlinget coronastipe foar ûndernimmers

26 apr 2021 - 14:48

De hoarekaterrassen geane hast wer iepen, dêrom bringt de provinsje nochris de coronastipe by de ûndernimmers ûnder de oandacht. De regeling biedt finansjele stipe oan bedriuwen dy't har oan in ekonomy fan in oardelmeter oanpasse en is oant en mei 1 oktober ferlinge.

Deputearre Avine Fokkens by Snitser hoareka-ûndernimmers Laura Slob en Wicher Wind - Foto: Simon Bleeker

Undernimmers dy't middels keapje moatte om de oardel meter te garandearjen, kinne foar in finansjele bydrage yn de kosten yn de beneaming komme. Se kinne maksimaal trije kear in bydrage fan 1.500 krije.

Elektrysk ferwaarme kessens

Wicher Wind fan restaurant Onder de Linden yn Snits frege subsydzje oan foar nije ynvestearrings yn it ramt fan 'e oardelmeterekonomy. "Wy hawwe ús rjochte op it útwreidzjen fan it terrasseizoen mei de oankeap fan ekstra wettertichte parasols en elektrysk ferwaarme kessens dy't waarm wurde as jo derop sitte. Wy kochten ek duorsume ferpakkingsmateriaal lykas palmblêdbakjes foar ús ôfhelservice."

"Slim en creatief" fûn deputearre Avine Fokkens de kessens by har bedriuwsbesite oan Snits. "Er zijn veel subsidieaanvragen geweest, maar niet iedereen was bekend met de regeling, daarom is die verlengd."

Skjinmakprodukten

Sylskoalle-eigener Jeroen Wolthuis fan Het Molenhuis út Wâldsein brûkte de regeling ek: "Elk bedriuw hat skjinmakprodukten nedich, foaral no't hygiëne wichtiger is. Mûlkapkes, papieren handoeken, hânsjippe; alle dingen dy't jo dochs keapje moatte en dêr't dizze subsydzje hiel geskikt foar is."

De subsydzjeregeling kin oanfrege wurde fia de webside fan Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN).

Trefwurden: 
hoareka stipe coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)