Ferwerter (35) krijt 13 jier sel foar mishanneling fan eks-freondinne en brânstifting

In man út Ferwert moat 13 jier de sel yn, omdat er presys in jier lyn syn eks-freondinne slim mishannele hat, en har hûs yn brân stutsen. It 3-jierrige dochterke fan de frou lei doe boppe te sliepen. De straf komt oerien mei de eask fan Justysje.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
De man, no 35 jier âld, hie in relaasje hân mei it slachtoffer: in fiif jier jongere frou. Hy wie troud mei in oar. Yn de nacht fan 26 op 27 april stuts er de wente oan De Schans yn Dokkum yn de brân, neidat er it slachtoffer swier mishannele hie.

Bloed ûnder de garaazjedoar

Neffens Justysje wie it in 'bûtenspoarich gewelddadich' delikt. Doe't de plysje kaam, lei de frou swierferwûne yn de garaazje, wylst de wenning yn de brân stie. Bloed rûn ûnder de garaazjedoar troch, en de wenning stie fol mei reek. It dochterke fan de frou, doe trije jier âld, lei boppe op bêd. Dat wurdt de man no swier oanrekkene.
De frou wie slim ferwûne oan de holle. Bloedspoaren yn de wenning wiisden derop dat se fan de trep de garaazje yn sleept wie. Dokters tochten in hiele tiid dat se it net oerlibje soe. De rjochter soe letter sizze dat de frou 'hast deaslein' wie.

Neaken troch de greiden drave

De man waard hast fuortendaliks oanholden. Hy wie dy nacht twa kear thúskaam. Ien kear neaken, en ien kear mei in amer skjinmakkersguod yn de auto. Hy hie tsjin syn frou sein dat er dy nachts net sliepe koe en dêrom bleat troch de greiden en sleatten draafd is. Syn klean binne nea weromfûn.
De offisier fan Justysje sei dat de man syn klean fuortsmiten hie, om spoaren te wissen. De man fertelt der hieltyd in oar ferhaal oer, en woe net meiwurkje oan in psychologysk ûndersyk, sei de offisier.

Skeafergoeding

De man is no feroardiele foar 'poging tot doodslag' en brânstifting. Hy moat 13 jier de sel yn, en hy moat de frou in skeafergoeding betelje fan mear as 45.000 euro. It grutste part dêrfan is foar ymmateriele skea.