Nije Ljouwerter feemerk is klear; "Hoopje 5 maaie earste fee te ferhanneljen"

26 apr 2021 - 13:54

De nije Ljouwerter feemerk is sa goed as ôf. De lêste puntsjes moatte noch op de i, mar oer sa'n 14 dagen kin it earste fee ferhannele wurde op de nije lokaasje. De feemerk ferhuzet dan fan it WTC Expo nei it Ljouwerter yndustryterrein De Hemrik.

Nije Ljouwerter feemerk

In skoft lang wie it ûnwis wannear't de feemerk los koe. It bedriuw Pol Infratechniek, de buorman, hie beswier oantekene tsjin de komst. De Raad van State fage dat ferline wike fan tafel. Der rinne no noch in oantal prosedueres, mar dat kin de iepening nei alle gedachten net opkeare.

"In nije flier leit der yn", seit Andries Kingma. De foarsitter fan de Ljouwerter feemerk jout in rûnlieding oer it nije terrein oan de râne fan Ljouwert. "Yn de flier sit oeral goede ôffier. It wetter kin goed fuortrinne. Dat is goed foar de hygiëne." De ôfrûne tiid is hurd wurke oan de nije lokaasje. Yn de grutte hal steane oeral fakken fan rustfrijstielen stekken.

Grien ljocht fan de NVWA

"We hawwe no ek grien ljocht fan de NVWA", seit Kingma. Alles binnen en bûten foldocht oan de strange regels fan de Voedsel- en Warenautoriteit. "Der is goed neitocht oer oanfierlinen fan it fee. Der binne meardere plakken dêr't de bisten lost wurde kinne. Dêrby hâlde we dan ek wer goed rekken mei it bistewolwêzen."

Andries Kingma

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ek alle oanfierrûtes binne skieden. Frachtweinen wurde ûntsmet foar't se it terrein opkomme en as se lost ha moatte se skjin spuite wurde yn in spesjale waskstrjitte. Dêrby wurdt rekken hâlden mei fersmoarging, seit Kingma. "It wetter wurdt oan alle kanten suvere. It kin dan goed ôffierd wurde op it rioel."

"It is fan belang dat oanfierrûtes skieden wurde. Dat jildt ek foar besikers. Dat is folle better foar de hygiëne." Kingma wiist op in apart gebou. De besikers moatte dêrlâns foar't se nei binnen kinne. De skuon of learzens wurde ûntsmet en se krije dêr in stofjas.

It lêste dat ôf moat, is de kantine. De keuken wurdt dizze wike noch pleatst tinkt Kingma. "As alles mei sit dan hoopje wy op 5 maaie it earste fee ferhannelje te kinnen."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De feemerk siet al sa'n 40 jier by it WTC yn Ljouwert. Troch de komst fan it nije Cambuurstadion en tal fan oare bedriuwen dêr, wie der gjin plak mear foar de feemerk.

Trefwurden: 
Ljouwert nijbou feemerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)