Doeksen past tsjinstregeling oan nei brân op de Koegelwieck

26 apr 2021 - 13:52

Rederij Doeksen past de tsjintregeling nei Skylge oan nei de brân oan board fan de Koegelwieck ferline wike. Troch de brân is de Koegelwieck de kommende tiid út de feart. Fanwege de drokte yn de maaiefakânsje hat Doeksen dêrom it skema oanpast om minsken dochs op harren plak fan bestimming te bringen.

Sneltsjinst de Koegelwieck - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Op de webside fan Doeksen stiet de oanpaste tsjinstregeling tusken Harns en Skylge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)