Maarten de Jong nei ONS

Maarten de Jong
Maarten de Jong wurdt mooglik de nije assistint trainer by haadklasser ONS Boso Snits. De Jong wurdt dêrmei de opfolger fan Sandor van der Heide. Van der Heide wie de ôfrûne twa seizoenen de assistint fan Jan Vlap, mar sil takom seizoen wer as fuotballer útkomme foar ONS.
Maarten de Jong hat twa wiken lyn in pear dagen meirûn mei de technyske stêf fan de Snitsers. Sa siet hy op de bank by de oefenwedstriid tsjin Bedum (2-0 ferlies). Earder wie De Jong haadtrainer by Jobbegea, Donkerbroek en Stienwyk.