Hester Postma wol as nije direkteur it Fries Scheepvaart Museum 'upgrade'

27 apr 2021 - 18:25

Hester Postma (42) út Ljouwert wurdt de nije direkteur fan it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. Sy begjint 1 juny. Postma is histoarikus en wurket al 20 jier by it Historisch Centrum Leeuwarden (HCL), de lêste jierren as projektlieder.

Foto: Fries Scheepvaart Museum

Postma wie by it HCL ûnder oare ferantwurdlik foar it 'paviljoen Liwwadders' yn de Prinsetún yn 2018 by Kulturele Haadstêd.

Opfolger fan Seffinga

Sy is as berne 'Sneker' wiis mei de nije oanstelling: "Als geboren Sneker en als historicus, heb ik het Fries Scheepvaart Museum altijd een warm hart toegedragen. Het is een prachtige uitdaging om een vervolg te geven aan de inspanningen die Meindert Seffinga voor het museum heeft geleverd. Ik kijk er ontzettend naar uit om aan de slag te gaan."

Postma folget dus Seffinga op, dy't koartlyn direkteur waard fan it HCL.

In stylkeamer yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits - Foto: Omrop Fryslân

Postma hopet dat sy it Fries Scheepvaart Museum in 'upgrade' jaan kin. "Het museum staat als een huis. De collectieregistratie is op orde, die is op de website ook voor iedereen te bekijken. Er zijn sterkte educatieve programma's voor het onderwijs. En het museum is tien jaar geleden helemaal verbouwd: verschillende panden aan het Kleinzand zijn met elkaar verbonden. Maar toen is ook de huidige presentatie neergezet. Ik wil niet per se de hele boel op de schop gooien. Maar als ik over een maand ga beginnen, wil ik wel meer kijken hoe we de presentatie wat meer naar het heden kunnen trekken."

Mei in frisse blik

Sa soene je in tema as skipfeart ek maklik mei it heden ferbine kinne. Postma hopet dat sy mei in frisse blik nei it museum sjen kin. Sels wie sy ta oan in nije stap. "Ik merkte dat het tijd werd voor een blik in een andere keuken. Af en toe heb je weer mensen van buiten nodig. Het Fries Scheepvaart Museum heeft een hele mooie, rijke collectie. Met een sterk team aan medewerkers en ook zo'n 120 vrijwilligers. Ik kijk er erg naar uit om met hen te werken."

Hester Postma oer har nije wurk

(Advertinsje)
(Advertinsje)