Produksje by Drachtster suertsjefabryk kin twa wiken nei brân wer los

By it CCI snobbersguodfabryk yn Drachten wurdt de tried stadichoan wer oppakt, nei de grutte brân fan oardel wike lyn. Net ien rekke ferwûne, mar de skea wie grut. Dy skea is yntusken hast ferholpen en dus kin de produksje ek hast wer begjinne.
© CAMJO media
"Nije wike sille we wer los", seit direkteur Alfred Attema. "By de brân is it magazyn folslein ôfbrând, mar it hert fan it fabryk mei de masinen dy't alles meitsje bleau sparre. De helptsjinsten ha geweldich wurk dien. Dus kinne we op 3 maaie wer begjinne."
De oarsaak fan de brân is net dúdlik. "Dat is net te achterheljen. It hat binnen sa hyt west, wol 800 graden. De oarsaak is dêrom hast net te finen. Wol seinen se nei ûndersyk dat der gjin sprake is fan sabotaazje of dat it oanstutsen is."
Sjoch hjir nei bylden fan de brân.
De direkteur hat de ôfrûne wike yn de 'oerlibbingsstân' sitten. "Nei goed in wike fan 16 oeren deis wurkje mei de ploech ha we it wykein de rêst pakt." De foarried lei ekstern, dy is net ferlern gien. "Mar wol it magazyn mei healfabrikaten en ferpakkingsmateriaal. De skea rint yn de miljoenen. We binne wol fersekere gelokkich, oars wie it net bêst."
Attema is bliid dat net ien ferwûne rekke is by de brân."Dat helpt ek wol om gau wer yn in positive modus te kommen."